Myn lêste reis

sil ienris oer
bewende paden gean

it hynder en de koets
fine as fansels de wei
nei ’t âlde hôf

dêr sil ik rêste mei
myn foarfaars en
by mannich freon
en âlde kunde

dêr sil myn bern
en al myn neisten
en goekunde
ticht om de iepen
kûle stean


dêr sil ‘t âlde
wurd fan treast
klinke oer ’t stille hôf
út ierde bisto nommen
ta d’ierde silsto
ek wer hinne gean

dat is de ein
fan al ús
dwaan en litten
sa hat it libben
op ierde syn bestean